Nije wenwyk yn Snits

De wettertoer fan Snits.
Der komt in nije wenwyk tichtby it sintrum fan Snits. Wethâlder Hans van den Broek fan de gemeente sil kommende woansdei op de Ylsterkaai it startsein jaan foar de bou.
Yn totaal wurde 52 iengesinswenningen en 32 apparteminten bouwd. De weryndieling fan it gebiet is in gearwurking fan boubedriuw BAM mei de gemeente Snits. Neist húzen en apparteminten komme der ek noch in nije supermerk en in parkeargaraazje.