Gjin Frisian Boat Show

De drokte op de Frisian Boatshow fan ferline jier
De Frisian Boat Show by it paviljoen by Snits giet dit jier net troch. De show waard oars altyd mei de Peaske hâlden by it paviljoen by rekreaasjegebiet De Potten.
Neffens Albert Hendriks fan it toeristysk buro 'Friesland Holland' is de konkurrinsje te grut. Der komme hieltyd mear boatshows. Koartlyn hat Boot Holland yn Ljouwert west, moandei begjint de tradisjonele Hiswa en yn septimber is Boot Aqua, ek yn Snits.