GGD begjint ynintingskampanje

© Omrop Fryslân
Mear as 8000 bern yn hiel Fryslân wurde dizze en kommende wiken yninte troch de GGD. It giet om 9-jierrigen. Moandei sette de GGD yn Boalsert útein mei in dûbele prik foar eltsenien.
De GGD sil yn de kommende wiken alle gemeenten yn Fryslân del foar it faksinaasjeprogramma. De bern wurde yninte tsjin diftery, tetanus, polio, de bof, de mûzels en reahûn.