Seehûn oanspield op Amelân

03 mrt 2008 - 13:29

Op it strân fan it Amelân is snein in seehûn oanspield. It bist wie ferstrikt yn in stik fan in fisknet dat nei alle gedachten tiden om syn nekke sitten hat. Doe't it bist snein troch jutters op it strân fûn waard wie, it bist noch yn libben.

Uteinlik slagge it lykwols net om it bist yn libben te hâlden. De seehûn is oerbrocht nei de seehûnecreche yn Pieterburen en sil hjir ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)