Klanten Dis-Hosting off line

03 mrt 2008 - 11:52

It fallisemint fan ynternetbedriuw Dis Hosting op it Hearrenfean hat der foar soarge dat tal fan bedriuwen op dit stuit sûnder ynternet sitte. Dis Hosting en ek Internet Online binne ûnderdiel fan Harmen Dam Holding B.V. Dat is freed fallyt ferklearre troch de rjochtbank fan Ljouwert.

Ek radiostjoerder Waterstad FM hat sûnt sneintemiddei 2 oere gjin ynternet mear. In oare troffen partij is Tomaatnet, in website fan de SP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)