Dúnôfslach eilannen falt ta

03 mrt 2008 - 11:17

Rykswettersteat fiert op dit momint op de Waadeilannen noch in tal ynspeksjes út oan de dunen. Dit yn ferbân mei de stoarm fan ôfrûne wykein. De skea falt bot ta. Op in tal plakken is de dúnôfslach op syn meast in meter, sa lit Rykswettersteat witte.

In pear trochgongen nei it strân op Flylân en Amelân binne op dit stuit net tagonklik. Meiwurkers fan de beide gemeenten binne der drok mei dwaande om se wer begeanber te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)