Flyers ticht by finale

Winst foar de Flyers yn Den Haach (foto Martin de Jong)
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers ha sneintejûn de fjirde wedstriid fan de heale finale om it kampioenskip fan Nederlân yn en tsjin Den Haach yn de ekstra tiid mei 3-2 wûn. Nei trije perioaden wie de stân 2-2. Mike McCarthy en Aleksandr Panchenko wiene de skutters foar de Flyers.
Yn de ekstra tiid foel de beslissing troch Mike Nason. De Flyers ha no in foarsprong fan 3-1 en kinne op sneon 8 maart thús de finale feilich stelle.