Lieuwe Westra op it poadium

Lieuwe Westra sterk dit wykein
Lieuwe Westra is snein twadde wurden yn de Omloop van de Houtse Linies. De hurdfytser fan Mûnein, sneon de hiele dei ek al yn de oanfal yn de Ster van Zwolle - dêr waard hy achtste - moast yn de finale Rudy Vriend achterhelje.
Dat slagge, mar ek âld-prof Bram Schmitz makke de sprong en fersloech Lieuwe Westra yn de einsprint. Rudy Vriend waard tredde en der wie in fiifde plak foar Sierk Jan de Haan fan Dokkum.