Wilmke Boersma pakt sulver

© Omrop Fryslân
By de Nederlânske fjildrinkampioenskippen yn Gilze-Rijen hat Wilmke Boersma fan Wommels it sulver pakt by de B-junioaren. Kampioene Mareen Koster út Boskoop wie nei 3900 meter 13 tellen rapper.
By de A-junioaren wie der brûns foar Jessica Oosterloo út Appelskea. By de froulju kaam nei 6300 meter Andrea Deelstra fan AV Hearrenfean as fyfde oer de streek en dat wie in teloarstellende útslach.