Snits ferliest fan de Treffers

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits hat yn in doelpuntrike wedstriid mei 4-3 ferlern fan de Treffers. Yn Groesbeek kamen de Snitsers twa kear op foarsprong.
Neidat Robert van den Berg foar de 1-1 soarge, kaam Snits yn de earste helte op in 2-1 foarsprong troch Klaas Schotanus. Robert van den Berg makke yn de twadde helte syn twadde doelpunt en doe stie der 2-3 op it skoareboerd. Uteinlik soarge Rob Zegers fan de Treffers foar 4-3 foar de Groesbekers.