Brân yn pleats Raerd

De brânwacht oan it dwêsten (foto: Alex Zwart)
In útslaande brân hat sneintemiddei foar skea soarge oan in pleats oan de Poppenwiersterdyk yn Raerd. It fjoer ûntstie yn de nok fan de pleats, nei alle gedachten troch in hite skoarstienpiip.
De bewenners ha twa hynders út de stâl helle en ha doe de brân foar it grutste part sels útmakke. De brânwacht hat noch in skoftke oan it neidwêsten west.