Iensidich ûngelok yn Wynjewâld

© Omrop Fryslân
De plysje stelt in ûndersyk yn nei in iensidich ûngelok op de Mounleane yn Wynjewâld. In frou (25) út Wynjewâld rekke dêrby ferwûne. Sneintemoarn ried se mei har auto yn de rjochting fan Oerterp. Yn de bocht rekke har auto yn de slip en kaam njonken de dyk yn it wetter telâne.
De frou is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. Dêr is ek in bloedproef by har ôfnommen. Har rydbewiis is ynnommen.