Flyers winne fan Den Haach

02 mrt 2008 - 15:01

De Flyers ha sneontejûn de tredde wedstriid fan de heale finale mei 8-2 wûn fan Den Haach. Nei in stroef begjin yn de earste perioade, wêryn it 2-2 waard, kamen de Flyers op stoom. Yn de twadde helte kamen se op in 4-2 foarsprong.

Yn de tredde perioade koe Den Haach gjin fûst mear meitsje en skoarden de forwards fan de Flyers noch fjouwer kear. Oan 'e ein fan de wedstriid ûntstie reboelje ûnder de spilers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)