Baldiedigens yn Drachten

02 mrt 2008 - 14:38

In 21-jierrige man út Lutjegast (Grinslân) is sneintemoarn oanholden yn Drachten op fertinking fan baldiedigens. Op de Noordkade liet er him meardere kearen tsjin it rollûk fan in bedriuwsgebou falle.

Omdat dat skea feroarsaakje koe, fregen plysjeminsken him om der mei op te hâlden. Doe't er it noch in kear die en him ek net legitimearje koe, is er oanholden en oerbrocht nei it buro. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)