Definityf beslút weryndieling

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Wûnseradiel nimt moandei in beslút oer de fraach of de gemeente weryndield wurde moat of net. Op 4 febrewaris spruts de gemeenteried al oer de takomst fan Wûnseradiel.
De basis foar de diskusje wie it rapport oer de kampanje Wûnseradiel Weryndieling. Yn dat rapport binne ek de mienings fan 750 ynwenners fan de gemeente ferwurke. Neffens de gemeente wurdt it in histoaryske jûn.