Wilmke Boersma nei ynterlân

01 mrt 2008 - 17:53

Hurdrinster Wilmke Boersma docht op 8 maart mei oan de yndoar-jeugdynterlân yn it Dútske Düsseldorf. De atlete fan de feriening Horror út Snits rint de 1500 meter.

De bêste Nederlânske atleten fan 16 oant en mei 17 jier nimme it yn dizze lannewedstriid op tsjin it team fan it Dútske lânsdiel Nordrhein en de nasjonale ploech fan België.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)