Harkemase Boys út de beker

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys is troch Hoogeveen út de beker kegele. De Harekiten dy't it yn de kompetysje sa bêst dogge, mei 45 punten út fyftjin wedstriden, stiene nei 90 minuten mei 3-1 foar.
Mar yn de twa minuten blessueretiid skoarden de Hoogeveners twa kear. Troch de penalty's better te nimmen wûn Hoogeveen en ferlearen de Harkemase Boys. Takom wike kin de ploech út De Harkema kampioen wurde fan de earste klasse.