Merwin Dollison wint Drachten
De tsien kilometer fan Drachten is sneon wûn troch Merwin_Dollison fan Winsum. Hy kaam nei 33 minuten en 24 sekonden oer de streek. Boalserter Gerrit_Kramer kaam tolve tellen letter oer de einstreek.
Tred waard Benjamin_Kok fan Jistrum dy´t 33,54 sekonden nedich hie. By de froulju wie it nivo net heech. Alma_Buruma fan Grins hie oan 42 minuten en 22 sekonden genôch om de winst te pakken.