Megakringloopwinkel iepene

De megakringloopwinkel Estafette is sneontemiddei iepene oan de Swettestrjitte yn Ljouwert. Wethâlder Yvonne Bleize fan Ljouwert en sjonger Syb_van_der_Ploeg iepenen de winkel. De winkel hat sa´n santich meiwurkers.
Dy ha de lêste moannen de âlde winkels leechhelle en alles oerbrocht nei ien nije lokaasje. Dy âlde winkels lutsen mei inoar sa´n 400 besikers deis. De ferwachting is dat dat oantal op syn minst ferdûbelje sil de kommende tiid.