Wynmûne op 'e rin yn Dronryp

In part fan it yndustryterrein fan Dronryp is troch de brânwacht ôfset, omdat dêr in wynmûne troch de hurde wyn op 'e rin slein is. It is in lytse wynmûne en de kâns bestie earst dat de wjukken der ôfwaaiden. Dat barde net.
De stoarm berikte sneon yn Fryslân om healwei trijen syn hichtepunt. Grutte problemen binne lykwols útbleaun. Yn ferbân mei de stoarm en it hege wetter fearen boaten fan en nei de eilannen net oant fjouwer oere yn 'e middei.