Aksjes by Cambuur

29 feb 2008 - 19:35

De fanatike oanhang fan Sportclub Cambuur hat freed aksje fierd tsjin de minne prestaasjes fan harren team. It earste kertier fan de wedstriid tsjin RKC bleau it fak dêr't de saneamde MI-side gewoanwei sit leech. Ek hiene de supporters in grut spandoek by harren mei hûndert reade lantearnen.

Cambuur stiet op it stuit op it lêste plak yn de earste divyzje. Tradisjoneel wurdt de nûmer lêst de drager fan de reade lantearne neamd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)