Snits test ambulânseboat

29 feb 2008 - 16:24

Op 'e Snitsermar is freed de earste ambulânseboat fan Nederlân test. It Antoniussikehûs yn Snits hat in wetterambulânse oanskaft om't der neffens har in soad ferlet fan soarch is op it wetter. Se wolle har sa ûnderskiede as wettersportsikehûs.

Hoefolle ûngelokken op it wetter barre is net bekend. As it mis giet dan is it foar ambulânsepersoniel dreech om help te ferlienen. It idee fan in ambulânseboat komt út Venetië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)