Trompettist Khan nei foarronde

© Omrop Fryslân
De Trompettist Saleem Khan út Aldegea Smellingerlân docht nije wike sneon mei oan de Nederlânske foarronde fan it Eurovision Young Musicians 2008.
De 18-jierige Khan moat de striid oangean mei fjouwer oare muzikanten foar in plakje letter dit jier yn de Europeeske heale finale yn Wenen. Yn de nasjonale finale moat Khan ûnder oaren in part fan it Trompetkonsert fan Arutunian spylje.