Keninginnenacht yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ljouwert hat dit jier in echte Keninginnenacht. Yn stêden as Den Haag en Amsterdam is it de nacht foar Keninginnedei altyd al in grut feest. Dat moat yn Ljouwert ek kinne tochten se by de Harmonie en dêrom orgnisearje se dit jier in Keninginnenacht.
Op 29 april stiet de Harmonie yn it teken fan Keninginnedei. Der komt ûnder oare in nep-keninginne. Sy wurdt huldige troch Oranjegek Johan Vlemmix. Dêrnei trede der ferskate bands op.