Miggepleach Skier oplost

29 feb 2008 - 15:14

It mistearje fan de miggepleach op Skier is oplost, mar de gemeente hâldt de oarsaak noch even stil. Ofrûne simmer hie it eilân in soad lêst fan de stekbistjes. It toerisme hie der fan te lijen en der giene ferskate ferhalen oer de oarsaak fan de pleach.

Yn opdracht fan it ministearje fan LNV is dêr ûndersyk nei dien. Takom woansdei wurde de útkomsten fan dat ûndersyk oan de bewenners fan Skiermûntseach presintearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)