Hof stiet lasergun ta

29 feb 2008 - 15:03

De lasergun mei gewoan brûkt wurde foar it mjitten fan de snelheid fan auto's. Dat hat it Hof yn Ljouwert freed bepaald. In man út Borger krige yn 2005 in bon om't er mear as 50 km te hurd ried. It gerjochtshof fynt dat de oertreding bewiisd is en dat oan de lasergun net twivele hoecht te wurden.

De ferdigening hie oanfierd dat je noait dúdlik mjitte kinne wat de echte snelheid is, om't je ôfhinklik binne fan wat de plysje op de gun sjocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)