Strânpaviljoenen langer iepen

© Omrop Fryslân
Alle strânpaviljoenen op Skylge soene it hiele jier troch iepen wêze moatte en net allinne yn de maitiid en de simmer. Dat fine net allinne de eigners fan de paviljoens, mar ek de gemeente. Dy wurket oan in regeling om dat mooglik te meitsjen.
Mei it strânpaviljoen by Easterein is lykwols in probleem. Dat stiet op grûn fan Staatsbosbeheer dy't net wol dat it paviljoen bûten it seizoen iepen is.