Beurs hindert oaljemole Harns

29 feb 2008 - 13:16

De nije oaljemole op yndustryterrein Oostpoort yn Harns hat yn it earste jier fan syn bestean flink lêst fan de ûnrêstige beurzen. De inisjatyfnimmers achter de mole rekkenen dêr net op. By de mole wurdt oalje makke út koalsied.

Dy oalje wurdt op 't heden foaral ferkocht oan de itensyndustry. In oar part wurdt ferwurke as biobrânstof. Troch ûnrêst op de beurzen sykje grutte belizzers it ek yn de oalje. Dêrtroch fleane de prizen op en del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)