"Fyts op 't slot sette!"

© Omrop Fryslân
Hast de helte fan de minsken dy't yn Drachten ergens de fyts delset, docht him net op 't slot. Om minsken dúdlik te meitsjen dat se der better om tinke moatte, hâlden plysje en stedswachten de ôfrûne tiid in aksje. Minsken koene ûnder oare har fyts graveare litte.
It tal fytsen dat echt stellen wurdt yn Drachten rint oars wol werom. Mar it tal minsken dat him net op 't slot set, bliuwt gelyk, ûndanks de ynset fan de plysje.