Noch mear Zelle

© Omrop Fryslân
Der komt in ekstra rige foarstellingen fan it teaterstik Zelle, fan Tryater. Freark Smink hat it stik makke en spilet sels de ferneamde dûmny Zelle.
It stik is yn jannewaris op de planken brocht. Mar de fraach nei kaarten foar Zelle is noch altiten sa grut, dat der yn de maaitiid in ekstra rige komt Minsken dy't derhinne wolle, kinne allinne moandei en tiisdei fia de tillefoan kaarten bestelle. Dêrnei kin it fia ynternet.