Soarchsintrum yn Surhústerfean

28 feb 2008 - 16:31

It oprjochtsjen fan in soarchintrum moat de húsdokters fan Surhústerfean foar it doarp behâlde. De trije húsdokters ha no praktyk oan hús. Nije húsdokters wolle dat net en dêrtroch is it dreech om opfolgers te finen.

De bou fan it nije sintrum is tongersdei begûn en moat ein dit jier klear wêze. Yn it sintrum komt ek romte foar in apteek, psycholooch, logopedist en maatskiplik wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)