Frysk famke yn Pinokkiomusical

Frysk famke spilet mei yn de musical
Marieke_Anne_Swart (13) út Sint Anne spilet mei yn de musical Pinokkio. Mei elkoar 1500 bern ha audysje dien foar dizze musical fan de Belgyske produsint Studio 100. Nei de earste ronde wiene der noch in lytse 500 bern oer. Dy folgen ferskate workshops.
Marieke_Anne_Swart hat har earste optreden al hân. De musical is oant juny te sjen yn de teaters. De musical komt ein maart yn Grins, mar spilet net yn Fryslân.