Swimbad Drachten jout kursus

Swimbad De Welle fersoarget sels kursussen foar ynstrukteurs
Swimynstrukteurs yn it Noarden kinne tenei yn Drachten kursussen folgje. Earder moasten se in hiele dei nei in plak fier bûten de provinsje om oplaat te wurden om't yn it Noarden gjin mooglikheid foar kursussen wie.
Der is wol ferlet fan kursussen en dêrom biedt swimbad De Welle yn Drachten dat tenei sels oan.