Fosforsoer op Skier fûn

© Omrop Fryslân
Op it strân fan Skiermûntseach binne tongersdei twa fetsjes fan 20 liter mei fosforsoer fûn. Wêr't de fetsjes weikomme, is net bekend. De brânwacht hat de gefaarlike stof oprêden. Se ha de fetsjes fan bûten skjinspield en dêrnei oerdien yn in grut fet. Dat grutte fet is oerbrocht nei in bunker dy't spesjaal foar it opslaan fan gefaarlike stoffen is.
Letter sil it fosforsoer fan it eilân helle wurde en ferwurke wurde.