Nije eigner foar Princenhof

28 feb 2008 - 11:42

Hotel-restaurant Princenhof yn Earnewâld is ferkocht. Jan Riedstra hat it hotel mei in kompanjon kocht. Sy soene it hotel graach mei in tal keamers útwreidzje. Oft dat mooglik is, wurdt noch ûndersocht.

De eardere eigner fan it hotel, Yde Roders, bliuwt de direkteur. Hy sil it gebou tenei hiere fan de nije eigners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)