Nijbou foar Twizel
Yn Twizel en Twizelerheide kinne dit jier wer nije huzen boud wurde. De gemeente Achtkarspelen sil de doarpen mei in tal boukavels útwreidzje. Twizel kin fjouwer nije huzen bouwe en Twizelerheide sân. Dêrneist sil in projektûntwikkelder ek in hûs bouwe fan it type twa-ûnder-ienkap.
Foar beide doarpen is it foar it earst yn jierren dat der wer nijboud wurde mei.