T'diel sprekt jeugd op Hyves

27 feb 2008 - 22:45

Yn Tytsjerksteradiel moatte jongeren wach wêze op de gefaren fan alkohol en drugs. It gebrûk nimt alle jierren ta en dat fernimme se yn dy gemeente ek. In spesjaal previnsjeprojekt moat de jeugd better ynformearje oer de gefaren fan alkohol en drugs.

De jeugd kin de kommende oardel moanne chatte op freonesite Hyves mei wethâlders en riedsleden. Ek komme der ynformaasjegearkomsten yn skoallen, soze en tsjerken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)