Lof foar soarchbuorkerijen

© Omrop Fryslân
It opfangen fan minsken in soarchbuorkerijen is in grut sukses. It gros fan de kliïnten dy't harren deibesteging krije op it plattelân binne goed te sprekken oer de soarch. De begeleiders krije yn de measte gefallen in 9 as rapportsifer. Dit docht bliken út ûndersyk fan pasjinteplatfoarm Zorgbelang Fryslân.
Benammen de persoanlike oandacht en de fêste begelieding skoare goed. Alle 50 soarchpleatsen binne ûndersocht.