Booker fuort by Aris

27 feb 2008 - 21:44

Basketballer Roy Booker fan de Ljouwerter club Aris is woansdei oergien nei Köln 99ers. De Dútske ploech stiet sânde yn de Bundesliga.

Der komt gjin ferfanger foar Booker by Aris. Oare spilers krije troch syn fuortgean mear kânsen. De nije club fan Booker waard tiisdei ferslein troch Dynamo Moskou yn de ULEB-cup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)