Ynbraken yn Blije en Nijtsjerk

© Omrop Fryslân
In flatscreen en ark binne de bút fan in ynbraak yn in wente yn Blije. De dieven kamen de wente oan 'e Ljouwerterdyk yn troch in doar stikken te meitsjen. De ynbraak barde tiisdei oerdeis. De plysje ûndersiket de saak, lykas ek in ynbraak yn Easternijtsjerk.
Tusken snein- en tiisdeitemiddei kamen dêr dieven del yn in wente oan 'e Ald Tún. Se namen in televyzje en in radio mei nei't se ek dêr in doar stikkenmakke hiene,