Tomtom út garaazje stellen

27 feb 2008 - 11:27

By in ynbraak yn Oranjewâld binne twa laptops, in telefoan en jild út in wenhûs oan 'e Keninginne Wilheminawei stellen. De dieven kamen deryn troch de achterdoar.

Se hiene ek autokaaien út in jasbûse helle en dêrmei de auto iepenmakke dy't yn 'e garaazje stie. Ut 'e auto is in navigaasjesysteem stellen. De wein sels hawwe de dieven stean litten. De 41-jierrige bewenster fan it hûs hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)