Auto oer de kop by Makkingea

27 feb 2008 - 10:33

Op de N351 by Makkingea binne tiisdei in automobiliste út Drachten (22) en har ynsittende (50) ferwûne rekke. By it oerstekken botste de automobiliste op in auto fan in man út Haulerwyk. De auto fan de frou út Drachten sloech oer de kop en kaam op it dak yn de berm ta stilstân.

De brânwacht moast deroan te pas komme om de passazjiere fan de frou út de auto te heljen. Beide froulju binne nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)