Offal skiede: minder heffing

27 feb 2008 - 09:57

Ynwenners fan Ljouwert hoege dit jier minder ôffalstoffeheffing te beteljen as ferline jier. Dat hat de gemeente besletten omdat de kosten foar it ferwurkjen fan ôffal flink omleech gien binne.

Ljouwert makket minder kosten omdat hieltyd mear ynwenners fan de gemeente har ôffal skieden ynleverje. Der bliuwt dan minder ôffal oer dat ferwurke wurde moat. De heffing giet mei seis prosint nei ûnderen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)