Minister iepent Planetarium

© Omrop Fryslân
Minister Plasterk fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip iepent 17 maart it fernijde Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer. It planetarium is útwreide mei it neistlizzende monumintale gebou 'De Tuinkamer'.
Troch de útwreiding is der mear romte foar it tentoanstellen fan de kolleksje en foar hoareka-aktiviteiten. Yn 'De Tuinkamer' wennen earder heechleararen fan de universiteit fan Frjentsjer.