Kok Lauswolt grypt neist priis

© Omrop Fryslân
Geert Jan Vaartjes fan restaurant Lauswolt yn Beetstersweach is der net yn slagge de Bocuse d'Or te winnen. Yn Tilburg moast Vaartjes it tiisdei opnimme tsjin 7 oare kandidaten.
De Bocuse d'Or is de belangrykste priis yn kulinêr Nederlân. Vaartjes wurke earder by toprestaurants as de Librije, Bokkedoorns en La Rive. Hy hat al twa kear nasjonale titels wûn by wedstriden foar jonge koks.