Akkrum brainstoarmet oer jild

26 feb 2008 - 21:46

Om de gemeente oan jildbesparringstips te helpen, ropt Pleatslik Belang Akkrum/Nes te ynwenners by inoar foar in brainstoarmsesje. Partikulieren, mar ek ûndernimmers wurdt frege mei te tinken oer manieren hoe't de gemeente jild besparje kin.

Oanlieding is de oprop fan de gemeente oan ynwenners om tips yn te stjoeren om jild te besparjen. Lykas bekend sit Boarnsterhim finansjeel oan 'e grûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)