Van der Lende fuort by VPZ

26 feb 2008 - 17:38

Sijtje van der Lende krijt oan de ein fan dit seizoen dien by reedrydploech VPZ.

Van der Lende hat 3 jier trainer west fan VPZ, dêr't ûnder oaren Wieteke Cramer en Ben Jongejan ûnder kontrakt steane. Neffens VPZ hat de gearwurking mei Van der Lende goed foldien. Mar rjochting de Olympyske Spelen fan 2010 yn Vancouver wol it management fierder mei nij bloed en in nij gesicht. Wa't dat wurdt is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)