Hurdfytsseizoen begjint sneon

Marcel Beima út Hurdegaryp klear foar in nij hurdfytsseizoen. (foto: Rabobank)
Foar de measte Fryske hurdfytsers begjint sneon it hurdfytsseizoen mei 'de Ster van Zwolle'. Dizze iepeningsklassiker is 175 kilometer lang.
De fjouwer Fryske hurdfytsferienings stean op 'e startlist. Ek in protte Friezen dy't yn de saneamde grutte kontinentale ploegen ride, dogge mei.