Cazemier definityf baas Omrop

26 feb 2008 - 13:55

Roel Cazemier wurdt definityf de nije direkteur fan Omrop Fryslân.

Ferline wike freed waard al bekend dat Cazemier de bêste papieren hie foar de beneaming. Yntusken hat de ûndernimmingsrie fan de omrop posityf advisearre oer de beneaming en dêrmei is dy beneaming in feit. Cazemier begjint op 1 april by de omrop. Hy is no noch boargemaster fan Dongeradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)