Kamera's yn sintrum Koudum

Lege sokkel yn Koudum.
Direkteur Herma Bovenkerk fan Beeldencentrum Koudum is yn petear mei doarpsbelang Koudum oer it ophingjen fan kamera's yn it sintrum fan it doarp.
Ferline wike binne twa fan de fjirtjin bylden op it Frieslandplein yn Koudum stellen. Herma Bovenkerk tinkt dat troch it ophingjen fan kamera's noch mear fernielings yn de takomst foarkommen wurde.